Mei FAN GLÊS IT BREKKEN hat Elske Kampen in bysûnder debút ôflevere. Yn har poëzy siket se nie de kwetsberens fan bern, grutte minsken en oantinkens. Se lit har op dy syktocht liede troch de taal, dy't yn har hannen in gefoelich ynstrumint fol meldijen wurdt. 'Even koe ik rikke sûnder fingers': dat is it foarrjocht dat de taal har jout.